Nije fergunning foar Omrin

06 okt 2010 - 10:28

Offalferwurker Omrin hat foar de Reststoffe-enerzjysintrale yn Harns in nije miljeufergunning krigen. De provinsje hat wol strangere easken steld op it mêd fan de stankoerlêst en it stof dat frijkomt.

It ôffal mei fan de provinsje allinne oerdei by de REC brocht wurde. By ferfier mei in skip moat it ôffal yn tichte konteners oanfierd wurde. Tsjinstanners fan de REC kinne by de Raad van State op 'e nij beswier oantekenje tsjin de sintrale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)