Nije ferdigener SC Cambuur

12 aug 2014 - 10:19
  • Cambuur-Twente

Vytautas Andriuskevicius wurdt de nije linker ferdigener fan SC Cambuur. De 23-jierrige Litouwer meldt dat sels op de wedside fan Djurgardens IF yn Sweden. By dy klup spilet er no. Dêrfoar kaam de international fan Litouwen trije jier út foar Lechia Gdańsk yn Poalen. Yn syn eigen lân spile er foar FBK Kaunas. De 23-jierrige Vytautas Andriuskevicius tekenet in kontrakt foar twa jier, mei in opsje foar noch in jier. Vytas, dat is syn fuotbalnamme, spile alve kear yn it nasjonale alvetal fan syn heitelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)