Nije fearboat Oerd doopt

14 sep 2003 - 00:00

Minister Carla Peijs fan ferkear en wettersteat hat sneon op It Amelân de nije fearboat Oerd doopt. It skip is eigendom fan rederij Wagenborg en soe eins al yn maaie doopt wurde. Dat gie doe net troch fanwege it fallissemint fan skipsbouwer Bijlsma.

De kurator krige in skeel mei reder Wagenborg en dy drige it skip net mear ôf te nimmen. Wagenborg betelle der úteinlik fyftjin miljoen euro foar. It is itselde type as susterboat Sier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)