Nije fearboat foar EVT

08 feb 2011 - 10:57
  • Dit is de boat dêr't de EVT no mei fart ...
  • ... en dit is syn opfolger

Rederij EVT hat in nij skip kocht, dêr't ek auto's op passe. Direkteur Erwin Rob wol it skip yn maart yn de feart bringe. Dat sil dan de Stortemelk ferfange. It skip past neffens him binnen de besteande konsesje dy't de EVT hat foar de feartsjinst fan Harns nei Skylge.

De EVT striidt al jierren foar in twadde feartsjinst op it eilân, Neffens EVT wurdt it bedriuw tsjinwurke troch it ryk en de gemeente Skylge, de saak leit no by de minister.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)