Nije farrûte tusken Skylge en It Amelân

22 jul 2015 - 13:12
  • Fearboat nei It Amelân

Der is in nije farrûte iepene tusken Skylge en It Amelân. De nije farrûte hat de namme Waardgronden. Neffens de 'Vereniging Wadvaarders' is de nije farrûte better foar sawol de natuer as it toerisme. De seehûnen krije troch dizze nije farrûte mear rêst en toeristen hoege net mear oer de noardlike rûte Blauwe Balg te farren. Dêr kin it gefaarlik wêze by min waar.

By heech wetter is de Waardgrondenrûte 1.40 meter djip. Der kin fard wurde fan trije oeren foar heech wetter oant twa oeren nei heech wetter.

By leech wetter falt de nije farrûte droech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)