Nije farrûte tusken Skylge en It Amelân

01 jul 2015 - 19:54
  • Seehûn yn Waadsee (argyffoto)

Op it Waad tusken Skylge en It Amelân giet meikoarten in nije farrûte iepen. De rûte is bedoeld om de natuer yn de besteande farrûte oer de Blauwe Balg minder te steuren. It giet dan ûnder oare om seehûnen, dy't yn it gebiet jongen krije. De nije rûte giet oer de Waadgrûnen en is allinne tagonklik by heech wetter.

De rûte makket ûnderdiel út fan in programma om mear balâns oan te bringen tusken natuer en wetterrekreanten op it Waad. De nije rûte is in proef, mocht it goed gean dan wurdt de rûte tenei elke simmer iepen steld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)