Nije farrûte foar elektryske boaten yn Súdwest-Fryslân

23 des 2014 - 21:50

Súdwest-Fryslân krijt der in nije farrûte by. It nije trajekt krijt de namme Reidmarroute en rint fan de Boalserter feart nei it suden en komt dan by it doarp Westhim del. Pleatslik belang fan Westhim en omlizzende doarpen binne tige wiis mei de nije rûte.

De Reidmarroute is benammen bedoeld foar elektrysk farren. As it mooglik is, dan komt it trajekt ek lâns Greonterp te lizzen. It kolleezje fan b. en w. fan de gemeente Súdwest-Fryslân stelt de ried op 19 febrewaris foar om akkoart te gean mei it foarstel foar dizze rûte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)