Nije fakatuerebank foar treners

14 okt 2005 - 10:41

In protte klubs en ferieningen hawwe swierrichheden mei it finen fan in geskikte trener. Dêrom komt der no in digitale fakatuerebank om treners en klubs by inoar te bringen. Nederlân is hjirby ferdield oer fjouwer regio's, werûnder de regio Noard.

Op www.sportvacnederland.nl meie klubs har fakatueres pleatse en kinne treners oanjaan dat se op syk binne nei in klub. Fanôf 15 oktober kin der gebrûk fan de webside makke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)