Nije fúzjepartners Kollumerlân

06 des 2011 - 10:31
  • It gemeentehûs fan Kollumerlân wurdt blau beskynd

Kollumerlân ûndersiket serieus gearwurking of fúzje mei de gemeenten Dantumadiel en Dongeradiel. Dat is nedich omdat boargemaster en wethâlders fan Kollumerlân fernommen ha dat gearwurking of fúzje mei Achtkarspelen der net yn sit.

Ferline jier desimber hie de gemeenteried fan Kollumerlân him noch mei klam útsprutsen foar gearwurking mei Achtkarspelen. Dy gemeente hat lang om let keazen foar gearwurking mei Tytsjerksteradiel. Kollumerlân wol lykwols net langer wachtsje omdat de gemeente alle taken selsstannich net mear oan kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)