Nije eveneminten en nije slogan foar Flylân

05 mrt 2016 - 11:17
  • Strânpaviljoen op Flylân

Flylân krijt der trije eveniminten by. Yn juny fine de Wilde Zeewierweken plak, yn septimber bart der fan alles om it tema 'skipfeart' hinne en yn desimber binne de Donkere Dagen.

De eveneminten binne ûnderdiel fan de nije promoasjekampanje fan it eilân. Dy set dit jier útein. Dêr heart ek in nije slachsin by: 'Vlieland in je element'. Sa wol it eilân winterdeis ek mear toeristen lûke, seit Miranda Hogeboom fan Marketing & Events Vlieland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)