Nije EU-regels moatte molkoerskot foarkomme

26 jan 2015 - 22:35
  • Kij op stâl

Op inisjatyf fan de European Milk Board (EMB) wurdt tiisdei yn it Europeesk Parlemint in pakket oan maatregels presintearre dat molkoerskotten en in sterke fal fan de molkpriis foarkomme moat. De driging fan sa'n senario is tichteby kaam troch de sakjende molkpriis fan de lêste moannen en de oansteande ôfskaffing fan it molkkwotum yn april.

De kâns bestiet dat boeren fan april ôf harren produksje flink omheech bringe sille om sa mear ynkomsten te generearjen. Dat kin desastreuze gefolgen hawwe foar de molkpriis.

Yn it pakket wurdt foarsteld om boeren dy't by driigjende oerskotten frijwillich minder melke wolle kompensaasje te beteljen en boeren dy't dat net dogge in heffing op te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)