Nije eterfrekwinsje Omrop Radio

15 des 2002 - 00:00

Omrop Fryslân ferhuzet moandei fan eterfrekwinsje 88.6 nei 92.2 MHz. De stjoerder is lykwols dan noch in wike lang op beide frekwinsjes yn 'e loft. Fan woansdei ôf is op de âlde frekwinsje in bantsje te hearren dat de radio oergien is nei 92.2. De kabelfrekwinsjes fan Omrop Fryslân radio yn Fryslân bliuwe deselde.

De ferhuzing is nedich om't de Ryksoerheid besletten hat de frekwinsjes opnij te ferdielen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)