Nije enkête oer feiligens A7

09 des 2013 - 12:52
  • De A7

Rykswettersteat hâldt fan moandei ôf op 'e nij in enkête oer de feiligens op autodyk A7. Sûnt twa jier rint der in projekt wêrmei't plysje, provinsjes, it Iepenbier Ministearje en rykswettersteat besykje om it gedrach fan automobilisten op de A7 te ferbetterjen. Dit dogge se mei mear kontrôles en foarljochting.

Ut de earste resultaten docht bliken dat minsken minder hurd ride, seit rykswettersteat. It projekt rint noch oant begjin 2014, mar de plysje giet yn alle gefallen troch mei de kontrôles.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)