Nije enerzjyneutrale wenten yn Drachten

22 aug 2015 - 12:58
  • Projekt De Pauw wurdt foar in part enerzjyneutraal útfierd

Drachten krijt folslein nije huzen dy't enerzjyneutraal wurde. It giet sawol om hier- as keapwenten, dy't troch wenningkorporaasje Accolade ûntwikkele wurde yn projekt De Pauw yn Noardeast-Drachten. By bewust gebrûk is it mooglik dat de bewenners gjin enerzjyrekken mear krije.

Fan de 62 hierhuzen wurde der earst fiif enerzjyneutraal. De 18 keapwenten kinne allegearre enerzjyneutraal makke wurde, mar dan moatte de nije eigeners wol 17.000 euro ekstra betelje.

De huzen krije ekstra isolaasje, triple glês, in waarmptepomp mei flierferwaarming en sinnepanielen. Sneon begjint Accolade mei de ferkeap fan de keapwenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)