Nije eigners Steinfort Glas

12 nov 2008 - 17:55

Glêsbedriuw Steinfort Glas út Frjentsjer wurdt oernaam troch de twa direkteuren en de Noardlike ûntwikkelingsmaatskappij NOM.

Begjin 2000 kaam Steinfort Glas yn de finansjele problemen. In groep oandielhâlders hat it bedriuw doe holpen om wer sûn te wurden. No't dizze opdracht slagge is wolle de oandielhâlders har oandielen ferkeapje. By Steinfort Glas wurkje goed 100 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)