Nije eigner opfang Lemster bern

28 des 2005 - 11:50

De Stichting Kinderopvang Lemsterland wurdt oernommen troch in stichting út Meppel. Dat hat kurator Boonstra bekend makke. Yn totaal wiene der trije oername kandidaten dêr't úteinlik de Stichting Speelwerkgroep as bêste út de bus kaam.

De Stichting Kinderopvang Lemsterland hie twa wike lynt sels it fallissemint oanfrege. De húsfestingskosten fan de berneopfang wie fral te heech wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)