Nije eigeners PTC+ wolle los

04 aug 2012 - 17:07

De nije eigeners fan praktykskoalle PTC+ yn Oentsjerk hawwe in soad sin om op har nije wurkplak oan de gong te gean. Dat seit Johannes Wouda fan Maatskip Dijkstra. Earder dizze wike die bliken dat maatskip Dijkstra fan Ie de praktykskoalle kocht hie, neidat in eardere ferkeap yn maart mislearre wie.

Trochdat it bedriuw oan Dijkstra ferkocht is kin de praktykskoalle bestean bliuwe. De famylje Dijkstra fynt it tige wichtich dat de praktykskoalle bestean bliuwt, sa seit meiwurker Johannes Wouda fan it maatskip.

De offisjele oerdracht fan it bedriuw is yn septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)