Nije edysje Biltsk wurdboek

16 nov 2013 - 16:21
  • De gebouwen fan de Fryske Akademy

De nije edysje fan it Biltsk wurdboek is freed presintearre yn de Groate Kerk yn Sint Jabik. 'It Woordeboek fan 't Bildts' is in twadde ferbettere en oanfolle edysje fan it wurdboek fan 1996, dat al jierren útferkocht is. Sytse Buwalda hat de teksten op 'e nij troch west en leksikograaf Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy fersoarge de einredaksje. Yn de nije útjefte is ek it staveringsboekje 'Hoe skrive wy 't in 't Bildts?' opnommen.

It wurdboekpart bestiet út twa dielen: in wurdboek Biltsk-Nederlânsk en in yndeks Nederlânsk-Biltsk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)