Nije earekonsul foar Israel komt út Sint-Anne

11 apr 2016 - 15:34
  • Jerusalem

In grutte ferantwurdlikheid foar Arjen Lont fan Sint-Anne: hy wurdt de nije Honorair Consul fan Israel foar Noard-Nederlân. Lont set him al jierren yn foar Israel, ek is er faak yn it lân te finen. Sa wie er bot belutsen by de restauraasje fan de Montefioremûne yn Jeruzalem. It is de bedoeling dat Lont him ynset foar de Israelyske belangen yn de noardlike provinsjes.

Allinnich de noardlike provinsjes en it uterste suden fan Nederlân hawwe in Honorair Consul. Woansdei wurdt de Fries offisjeel beneamd. Hjir binne ek ambassadeur Haim Divon en opperrabbyn Binyomin Jacobs by oanwêzich.

Lont is tige wiis mei syn beneaming: ‘Ik vind het een eer en een voorrecht om mij actief in te zetten voor een verbetering van de verstandhouding tussen Israël en Nederland, met name in de regio. Dit kan voor beide landen een positieve bijdrage zijn.’

 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)