Nije eachklinyk yn Dokkum

07 nov 2005 - 11:06

Sikehûs Talma Sionsberg yn Dokkum nimt moandei in nije eachklinyk yn gebrûk. De klinyk hat seis behannelkeamers dy't sa ynrjochte binne dat de eachdokter fan de iene pasjint nei de oare rinne kin, sûnder dat der tiid ferlern giet.

It is in nije metoade dy't it sikehûs úttocht hat om rapper wurkje te kinnen. It sikehûs ferwachtet dat troch dizze wurkwize tritich persint mear minsken nei Dokkum komt om oan de eagen holpen te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)