Nije dyk nei Werpsterhoeke

06 okt 2014 - 07:31
  • De nije Oeriselseleane
  • Nije Oeriselseleane iepen

De nije Oeriselseleane by Ljouwert is moandeitemoarn iepene. It giet om in nij stik dyk fan Ljouwert nei knooppunt de Werpsterhoeke, by de wenwyk Techum del. De maksimumsnelheid is ferlege fan 80 nei 50 kilometer. It âlde diel fan de ynfalsdyk wurdt ôfsletten en fuorthelle.

Bewenners fan Techum reagearje hoeden. Se binne benaud foar lûdsoerlêst no't it ferkear tichter by de huzen del rydt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)