Nije dyk foar whiskyskuorre

15 aug 2009 - 08:26

De nije tagongsdyk foar de wyn- en whiskyskuorre by Skearnegoutum wurdt te gefaarlik en moat breder oanlein wurde. Dat fynt de eigner fan de saak. Om de dyk fan Snits nei Ljouwert feiliger te meitsjen krijt de grutste drankwinkel fan Noard-Nederlân in eigen ûntsluting fia in paralleldyk.

Dy paralleldyk wurdt neffens de eigner mei trije-en-in-heale meter fierstente smel en sil benammen yn it tsjuster gefaarlik wêze. De saak is benaud dat klanten dan net mear doare te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)