Nije dyk Drachten-Wynjewâld op 7 april iepen

27 mrt 2015 - 15:40
  • It earste stik fan de nije N381 is fierhinne klear

Belangstellenden koenen freedtemiddei mei in bustoer fan de provinsje besjen hoe't it wurk ferrint oan de nije N381 tusken Drachten en Appelskea. It earste stik tusken Drachten en Wynjewâld wurdt op 7 april iepensteld foar it ferkear. De nije dyk wurdt in stik feiliger, sa is it doel. Sa wurde ferskate gefaarlike bochten en krúspunten fuortwurke. Ein dit jier moat de 26 kilometer lange dyk hielendal klear wêze.

Alhoewol't it wurk goed opsjit, is it grutste part fan de N381 noch in bouput.

Fân it begjin fan de bou ôf hat der ek krityk west op it grutte grûnbeslach fan de dyk en de gefolgen foar de natuer, mar der binne ek minsken dy't bliid binne mei de nije dyk. Frans Pool wennet bygelyks deun tsjin de âlde N381 oan. Hy is dan ek wiis mei de nije dyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)