Nije drummer foar De Kast

31 jan 2003 - 00:00

Fokke de Jong wurdt de nije drummer fan De Kast. De eardere drummer fan Normaal folget Nico Outhuijse op dy't mei sjonger Syb van der Ploeg út de Fryske band stapte. De Jong spilet sûnt 1989 by de band út de Achterhoeke.

Freed is syn lêste optreden mei Bennie Jolink en dy yn Doetinchem. Reden foar de oerstap is dat de Friezen mear konserten jouwe. Earder waard al bekend dat Jan Tekstra by De Kast komt as sjonger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)