Nije drankkontrôle foar Skylge

25 mrt 2014 - 14:48
  • Drank

De hoareka op Skylge mei sels tasjen op it neilibjen fan de nije drank- en hoarekawet. It idee is dat hoareka-ûndernimmers in bepaald jildbedrach ynlizze. As by kontrôle troch mystery guests bliken docht dat de leeftiidsregels net neilibbe wurde, dan reitsje se in diel fan dy ynlis kwyt. Troch mei te dwaan oan dit model krijt de hoareka gjin besite mear fan kontroleurs fan de NVWA, en ek gjin eventuele boetes. No tongersdei wurdt besjoen oft der foldwaande draachflak is ûnder de Skylger hoareka-ûndernimmers.

As dat der net is, giet it plan net troch, en wurdt der gewoan kontrolearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)