Nije Drachtsterplein feiliger

01 okt 2012 - 14:32

It nije Drachtsterplein yn Ljouwert hat yn de begjinwiken noch bot lêst fan opstartproblemen. Sa binne de ferkearsljochten net optimaal ynsteld en steane der sa no en dan lange rigen auto's. De problemen moatte oer in pear wiken oer wêze.
De problemen mei de ferkearsljochten komme foaral troch de buskes fan de oannimmer dy't op de útfoechstripen steane. De sensoaren reitsje sa yn de war. De forinzen fine dat de nije situaasje al feiliger wurden is. It folsleine plein ynklusyf akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal moat yn 2016 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)