Nije doop sinne-enerzjyboat

20 maaie 2003 - 00:00

It rûnfeartskip de Blaustirns fan it Fryske Gea is tiisdei wer yn gebrûk nommen yn Earnewâld. It eksperimintele skip op sinne-enerzjy hat goed twa jier fearn. Troch in ûngelok op 'e werf wie it skip goed trije jier net te brûken.

Yn de tuskentiid is it ien en oar oan de boat ferbettere. It is no dúdliker te sjen dat it om in 'sinneskip' giet troch de wize werop't de sinnepanielen op de boat lizze. De boat fart fan it simmer troch de Alde Feanen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)