Nije doarren yn slûs Warkum

12 feb 2014 - 13:52
  • De âlde slûs fan Warkum

De slûs fan Warkum hat woansdei nije doarren krigen. De slûs wurdt restaurearre en der kinne aanst skippen mei in djipgong fan 1.90 meter troch. Dat wie earder 1.65 meter. De djippere gong is goed foar it toerisme yn Warkum, want der kinne aanst folle mear skippen de stêd yn.

De folsleine restauraasje is foar de start fan it wettersportseizoen klear, dat is yn april. De restauraasje is ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)