Nije doarpsbus by Drachten

02 des 2003 - 00:00

In nije busferbining ferbynt Drachten en de omlizzende doarpen. De bus nei Aldegea, Nyegea, De Pein is tiisdei yn gebrûk nommen. De doarpsbus is in inisjatyf fan Arriva en taksybedriuw Kijlstra.

Alle tiisdeis en tongersdeis rydt de bus om 9.00 oere nei Drachten en om 12.00 oere giet er werom. Op woansdeis en freeds rydt de bus middeis. It giet om in eksperimint. Nei in moanne wurdt besjoen oft de bus út kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)