Nije diskusje Nieuw Stroomland

31 jan 2011 - 12:30

De gemeenteried fan Ljouwert docht in hantrekken oan de tsjinstanners fan it nije yndustrygebiet Nieuw Stroomland. Yn it gebiet westlik fan Ljouwert en noardlik fan it Van Harinxmakanaal moat in duorsum enerzjypark komme mei in asfaltsintrale.

Benammen dy asfaltsintrale soarget foar in soad ferset. Littenseradiel is tsjin en ek Menameradiel wiist de plannen ôf mar moat noch definityf beslute. Ljouwert heakket no twa ekstra betingsten ta oan de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)