Nije direktrise by Keunstwurk

11 nov 2003 - 00:00

Frou Renée Waale wurdt de nije direkteur fan de Stifting Keunstwurk. Se folget Oeds Westerhof op dy't in oare baan krige hat. Frou Waale is 52 jier en hat ferskate funksjes hân yn de keunstsektor yn Nederlân.

Op dit stuit is se ynterim-direkteur by in museum yn Utrecht. Dêrfoar hat se ûnder oare by de Keunstakademy yn Den Bosch wurke en by it Joads Histoarysk Museum yn Amsterdam. Frou Waale begjint op 1 febrewaris mei har nije baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)