Nije direkteur Steatsboskbehear

22 nov 2005 - 22:59

De 57-jierrige Eric Wanders is beneamd as regiodirekteur Noard fan Steatsboskbehear. Wanders hat dy funksje al hast in jier as ynterim dien. Earder wie hy direkteur fan de lanlike Fûgelbeskerming.

Wanders folget Annemarie Goedmakers op; sy bliuwt as adviseur ferbûn oan Steatsboskbehear. De regiodirekteur moat de regio's Fryslân, Grinslân en Drinte gearfoege. Sawat twa jier lyn is mei dy reorganisaasje begûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)