Nije direkteur Fryslân Marketing

28 apr 2004 - 00:00

Paul van Gessel wurdt de nije direkteur fan it toeristysk promoasjeburo Fryslân Marketing. It buro dat op 1 maaie fan start giet, is de opfolger fan it NNBT, it Noard Nederlânsk buro foar toerisme, dat feline jier fallyt gie.

Fryslân Marketing moat yn seis jier 15 prosint mear toeristen nei de provinsje lûke. Van Gessel wol dat berikke troch it bedriuwslibben mear te belûken by it toerisme. Hy wie earder wurksum by it Nederlânsk buro foar toerisme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)