Nije direkteur De Lawei

25 jun 2003 - 00:00

Stef Avezaat út Amsterdam wurdt de nije direkteur fan De Lawei yn Drachten. Hy folget Ruud van Zuilen op dy't nei de skouboarch yn Arnhem giet. Avezaat (1956) hat as akteur en produsint by ferskate teaterproduksjes belutsen west. Hy hat de teatergroep Vis à Vis oprjochte en wie sûnt 1998 ferbûn oan de dûnsgroep Krisztina de Châtel.

Avezaat begjint syn wurk mei yngong fan 1 septimber. Hy is troud en hat twa bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)