Nije diere-ambulânse yn gebrûk

29 des 2004 - 17:02

De Dierenambulance Fryslân hat foar 18.000 euro in nije diere-ambulânse krigen. It jild komt fan it diere-asyl yn Damwâld dat al in pear jier net mear bestiet, mar noch wol jild oer hie fan in skinking. Woansdeitemiddei wie de offisjele oanbieding, mar de ambulânse waard earder ek al brûkt om't de âlde stikken wie.

De offisjele oerlanging wie yn Damwâld. Yn de nije ambulânse sit ek in navigaasjesysteem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)