Nije dichtbondel Elmar Kuiper Hiemsiik sneon presintearre

17 okt 2015 - 13:36

'Hiemsiik', ûnder dy titel ferskynt sneon yn Ljouwert de nije dichtbondel fan Elmar Kuiper. Elmar Kuiper dichtet net allinnich, mar is ek skilder, filmer, sjonger en artyst. Yn syn atelier yn Ljouwert wurket hy op it stuit ek oan nij skilderwurk.

Dêrby brûkt hy letterlik flarden út syn eardere skilderijen, dy't er dêrfoar oan stikken snien hat. In foarm fan ôfrekkenje mei it ferline, sa lit er witte. Yn syn ferzen is ek wol it nedige feroare, mar dêr is mear sprake fan in 'organysk proses'.

De presintaasje fan "Hiemsiik" is sneon om acht oere yn De Bres yn Ljouwert. De bondel is útbrocht by Bornmeer, foarmjûn troch Gert Jan Slagter en yllustrearre troch Sjoukje Iedema.

Sjoch hjir foar de kommende útstjoering fan Buro de Vries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)