'Nije deal mei Ryk oer Frysk'

28 jun 2011 - 09:28
  • Deputearre De Vries yn de Twadde Keamer

De provinsje Fryslân wol in nije ôfspraak mei it ryk oer it stypjen fan de Fryske taal en kultuer. Deputearre Jannewietske de Vries sei dat moandei yn Den Haach nei it debat oer de besunigings op kultuer. De Vries is der mei ynnommen dat it Frysk in argumint is foar it parlemint om mei in moasje foar Tryater te kommen.

'Wat foar Tryater jildt, soe ek foar Omrop Fryslân jilde moatte', seit De Vries. De ôfspraken soene in plak krije moatte yn de nije taalwet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)