Nije datums wedstriden It Fean

23 des 2009 - 16:46

De wedstriden fan de Sportklup Hearrenfean dy't fan 'e wike net trochgean koene, binne opnij fêststeld. De kompetysjewedstriid yn en tsjin Grins wurdt spile op woansdei 20 jannewaris om 20.00 oere. De bekerwedstriid tsjin PSV stiet foar sneon 16 jannewaris om 19.45 oere op it programma.

De útwedstriid fan de Feansters tsjin RKC Waalwyk giet fan sneintemiddei 21 febrewaris nei sneontejûn 20 febrewaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)