Nije datum konsert André Rieu

22 sep 2010 - 14:26

André Rieu komt dochs nei Thialf om in konsert te jaan. De fioelist soe 28 augustus nei It Hearrenfean komme mei syn orkest, mar moast ôfsizze fanwege syn sykte. Hy hat in steuring yn syn evenwichtsorgaan en moat him folslein deljaan. It konsert is no 16 april takom jier.

Begjin septimber soe Rieu ek noch twa konserten yn de Amsterdam ArenA jaan. Dy binne no op pinkstersnein en pinkstermoandei, 12 en 13 juny. Rieu sjocht bot út nei de konserten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)