Nije databank foar jeugdsoarch

18 jun 2008 - 21:10

Fryslân is de earste provinsje fan Nederlân dy´t in nije databank foar de jeugdsoarch ynfiert. Der is lanlik in soad te dwaan oer lange wachtlisten. Troch tenei gegevens fan ferskate ynstellings te sammeljen yn ien bestân moat der in dúdliker ynsjoch komme fan de problematyk.

Helpferlieners kinne sa better ynspylje op jeugd dy´t om ferskate redenen yn ´e problemen komt. Troch de nije databank moatte de wachtlisten by jeugdsoarch koarter wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)