Nije Daam bout oan Sintrale As

01 jul 2014 - 15:53
  • Website decentraleas.nl

It súdlik part fan de Sintrale As wurdt oanlein troch oannimmerskombinaasje Nije Daam. It giet om in bedrach fan hast 16 miljoen euro. Nije Daam realisearret ek it middenpart fan de As. Hjirûnder falt it akwadukt. It súdlik part rint fan Sumar oant de oansluting op de Wâldwei.

Yn dit stik wurde trije fiadukten oanlein, by Sumar/Garyp, by Sumarreheide en by De Tike. De ferkearsfeilichheid en de berikberheid fan lânbouferkear moat troch de oanlis ferbettere wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)