Nije CD fan Rommy

30 aug 2009 - 15:54
  • Sjonger Rommy ferstoar twa jier lyn

Goed twa jier nei syn ferstjerren leit der moandei wer in nije CD fan de stim fan de Wâlden, Rommy Henstra, yn de winkels. Op de CD steane njoggentjin singles dy't earder noch net in plakje krigen ha op in album.

Ek syn bekendste nûmer, Avé Maria, stiet op de CD, dy't útjûn wurdt troch de Stille Genieter. Sneon waard de CD presintearre op it 30e artystegala, dat holden waard op De Harkema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)