Nije cd Blauhúster Dakkapel

23 apr 2003 - 00:00

De Blauhúster Dakkapel biedt nije wike op Keninginnedei it earste eksimplaar fan harren nije cd oan oan boargemaster Hartkamp fan Snits. De oerlanging folget op in aubade by it stedhûs. By de reveille op deselde moarns sille in tal muzikanten fan de kapel te hearren wêze fanôf de Martinitsjerke yn Snits.

Op de nije cd 'Gevulde Koeken' steane trije nûmers dy't spesjaal opdroegen binne oan Herman Silvius. Hy wie ûnder oaren dirigent fan it dweilorkest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)