Nije CAO lytsmetaal

07 apr 2011 - 07:19

De wurkjouwers en de bûnen yn de lytsmetaal ha oerienstimming berikt oer in nije CAO. De wurknimmers krije der de kommende 25 moannen 4,45 prosint lean by. Derneist binne der ôfspraken makke oer maatregels om de faklju op in sûne manier oan it wurk te hâlden oant se mei pensjoen kinne. De sektor wol boppedat mear jongeren, Wajongers en 45-plussers lûke.

Fan moandei ôf kinne de wurknimmers harren útsprekke oer it resultaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)