Nije cao foar wenningkorporaasjes

02 sep 2015 - 16:09
  • De Invasiestrjitte yn Ljouwert

De wurknimmers fan wenningkorporaasjes hawwe einlings in nije cao. De sektor siet sûnt 1 jannewaris fan dit jier sûnder. De nije cao jildt foar trije jier. Der binne ôfspraken makke oer in leansferheging fan 2,25% en in ynvestearring fan 1 miljoen euro yn mobiliteit en wurkgelegenheid. Dêrneist krije de wurknimmers ek noch twa kear 900 euro as ienmalige útkearing.

Heikel punt wie de beleanning fan direkteuren. De fakbûnen fine dat sy ek ûnder de cao falle moatte. Ofpraat is dat der noch in ûndersyk nei it leangebou komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)