Nije BV moat Cambuur rêde

02 mrt 2006 - 00:00

De oplossing fan de problemen by SC Cambuur liket wer in stapte tichterby te wêzen. In nije BV sil it stadion mei de winkels keapje. Yn de BV sitte de fjouwer sakelju dy't earder tonnen jild stutsen hawwe yn Cambuur om de ploech te rêden. Der wurdt noch socht nei in finansjeel sterk bedriuw dat meidwaan wol.

Cambuur hat in skuld fan oardel miljoen euro. Bart der neat, dan moat de club meikoarten de stekker derút lûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)