Nije bussen yn lytse doarpen

26 maaie 2005 - 17:15

Yn in pear lytse doarpen yn Fryslân rydt dizze simmer tydlik wer in bus. It giet om in inisjatyf fan busûndernimmer Jan Hofstra fan Drachten. Hy krijt stipe fan Arriva.

Ferline jier al rieden syn âlderwetske Switserske bussen yn de bosken fan Appelskea. Dêr komme no trajekten by yn de omkriten fan Earnewâld, Bartlehiem en Oranjewâld. Foar in bedrach fan 5 of 6 euro kinne de reizigers de hiele dei yn- en útstappe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)