Nije bussen net feilich

04 apr 2007 - 11:03
  • Frysker-bus net feilich genôch

De nije Frysker-bussen fan Connexxion dy't op 14 april yn gebrûk naam wurde soene, binne net feilich. Connexxion hat de 113 bussen ôfkard omdat de remmen net goed genôch binne. Dat die bliken by in keuring troch de Rijksdienst voor het Wegverkeer.

VDL Berkhof op It Hearrenfean hat de bussen boud, dêr wurdt no hurd wurke om de bussen sa gau mooglik te ferbetterjen. Connexxion wol de saak yn reedlikheid mei Berkhof oplosse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)