'Nije busregeling ûnakseptabel'

29 sep 2004 - 17:16

De belange-organisaasje Rocov foar brûkers fan it iepenbier ferfier yn Fryslân, fynt de foarstellen foar de nije busregeling net akseptabel. Ferfierders Arriva en Noordned ha te krijen mei besunigings fanút it Ryk.

De provinsje hat besleten dy besunigings net te kompinsearjen. Dat betsjut dat der flink skrast wurde moat yn de tsjinstregeling. Rocov mei advys útbringe, mar it is mar de fraach oft der mei dy advizen ek wat dien wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)