Nije bushokjes yn Dongeradiel

29 aug 2011 - 19:19

De gemeente Dongeradiel wol de kommende jierren de bushokjes yn it bûtengebiet fernije. De gemeente hat de ôfrûne jierren neat oan it ûnderhâld fan de hokjes dien, want dy waarden de hiele tiid dochs mar fernield.

Der kamen lykwols in protte klachten fan busreizgers. Dêrom is de gemeente fan doel om mei in proef út ein te setten. Der komme boshokjes dy't fandalismebestindich wêze moatte soene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)